Oerlêst neefkes oanpakke
Der leit in plan klear om de oerlêst fan neefkes yn de bosk by de Rietpollen yn Nijemardum oan te pakken. It wetter dêr is ûndjip en dat lûkt in soad neven oan. De omwenjenden en toeristen kleie der elts jier wer oer.
Steatsboskbehear wol derom no in fiver meitsje yn de bosk en hopet dat dêr libellen op ôf komme dy't de neefkes opite.