Frou (63) yn ferwachting

14 feb 2011 - 15:01

In frou út Harns is alhoewol't sy al 63 jier is yn ferwachting fan har earste bern. Dat hat de frou tsjinoer Omrop Fryslân befestige. De frou hat yn it bûtenlân in ivf-behanneling hân.

Se wol sels har ferhaal net yn de media dwaan, mar hat freonen en kunde wol op de hichte brocht. It bern sil nei alle gedachten yn maart berne wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)