Drachten: soad strafkoartings

Hast ien op de fiif minsken mei in útkearing yn Smellingerlân hat yn 2010 in strafkoarting hân. Dat tal is tige heech. Dat skriuwt de kliïnteried Smellingerlân yn in brief oan kolleezje en gemeenteried. Moandei stiet it brief op de aginda.
Yn in jier tiid wiene der 43 minsken mei in útkearing dy't in moanne of langer hielendal neat krigen. De kliïnteried wol dat B&W fierder ûndersyk dogge. De ferwachting is dat it kolleezje oer twa wike antwurdet.