Aksje foar konsultaasjeburo's

14 feb 2011 - 12:54

De doarpsbelangen yn Achtkarspelen binne in hântekenaksje begûn om de konsultaasjeburo's yn de doarpen iepen te hâlden. De ried fan Achtkarspelen is tsjin it foarstel fan it kolleezje fan b. en w. om sân fan de tsien buro's te sluten fanwege de besunigings. It plan is om allinnich de buro's yn Bûtenpost, Koatstertille en Surhústerfean noch iepen te hâlden.

De doarpsbelangen wolle mei de aksje oanjaan dat se solidêr mei de riedsfraksjes binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)