Sjoerd Galema wer yn Fryslân

Sjoerd Galema is werom yn it heitelân
Deputearre en CDA-listlûker Sjoerd Galema is moandeitemoarn weromkommen fan syn reis nei Nij-Seelân. Neffens in wurdfierster fan de provinsje sil hy tiisdei mei syn kollega-deputearren oerlizze oer de kommoasje dy't ûntstien is oer syn útspraken oer de weryndieling yn Skarsterlân en Hearrenfean.
It kolleezje fan DS hie him weromroppen om dêr tekst en útlis oer te jaan. Woansdei wachtet Galema dan in debat yn provinsjale steaten.