Adema jout OV-les op skoalle

14 feb 2011 - 09:49

Hast 2.000 basisskoallebern yn Fryslân krije it kommende heal jier les oer it gebrûk fan de bus en de trein. It giet om in projekt fan de provinsje, dêr't 80 groepen acht út Fryslân oan meidogge. Yn fiif lessen krije se ynformaasje oer it iepenbier ferfier.

Ien fan de lessen giet oer de OV-chipkaart. Iepenbiere basisskoalle de Balkwar yn Koatstertille krige moandei de earste lesmap fan deputearre Adema. De provinsje wol bern faker gebrûk meitsje litte fan iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)