Nij Smellinghe begjint pispoly

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat sûnt koarten in 'plaspoli'. Dy is bedoeld foar bern tusken de 4 en 16 jier dy't klachten hawwe by it pisjen. Dan giet it ûnder oare om bern dy't nachts yn bêd pisje of faak blaasûntstekking hawwe.
De plaspoly is ûnderdiel fan de polyklinyk bernegenêskunde. In terapeut jout de bern en harren âlders foarljochting en training. Op de plaspoly sille sa'n 80 pasjinten yn it jier behannele wurde.