VVD klaget oer webside

14 feb 2011 - 08:15

De gemeenteriedsfraksje fan de VVD yn Ljouwert fynt dat der noch fan alles mankearret oan de webside fan de gemeente. De partij wol dat de site foar 1 july ferbettere is. De VVD stelt dat yn fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

De partij seit in soad klachten te krijen fan boargers dy't ynformaasje op de gemeentlike webside net of hiel dreech fine kinne. Oer it ûnderdiel oer de gemeenteried op de webside is de VVD ek net te sprekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)