Rêdingsplan foar swimbad

Eigner Piet Homminga fan rekreaasjesintrum Blomketerp yn Frjentsjer komt mei in rêdingsplan foar it swimbad. Dat moat ticht omt de gemeente der gjin jild mear yn stekke wol. Homminga stelt foar it âlde swimbad noch in jier iepen te hâlden en yn dy tiid in 25-meter bad te bouwen op it plak fan de tennisbanen. De gemeente moat dan al ree wêze de kommende 10 jier 125 oant 150 tûzen euro yn it jier beskikber te stellen foar de eksploitaasje.