Ireen Wüst wrâldkampioen

13 feb 2011 - 23:42

Ireen Wüst is yn Calgary wrâldkampioen allround reedriden wurden. Op de ôfslutende 5000 meter kaam har liedende posysje yn it klassemint net mear yn gefaar. Martina Sábliková, de kampioen fan 2010, foel yn har rit tsjin Wüst, mar ek sûnder dy fal hie Wüst it wol oprêden. Wüst ried 6.55,85.

Foar Ireen Wüst, berne yn Goirle yn Noard-Brabân mar al jierren wenjend op It Hearrenfean, is it de twadde wrâldtitel. Yn 2007 pakte se dy titel op it 'eigen' iis fan Thialf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)