Wüst en Leenstra poerbêst

Ireen Wüst hat mei in geweldige winst op de 1500 meter har foarsprong op it WK yn Calgary fergrutte. Wüst ried 1.52,59 en dat wie mar 0,21 boppe har nasjonale rekôr. Marrit Leenstra ried har tredde pr. Nei in prachtige race, sûnder in grut ferfal, einige se yn 1.53,88 as tredde. Christine Nesbitt siet der tuskenyn mei 1.53,22.
Wüst giet de 5 km yn mei in foarsprong fan 3,05 sekonden op Nesbitt, mei 12,18 op Leenstra en mei 15,56 op Sábliková.