Goud foar shorttrackers op WB

13 feb 2011 - 15:51

Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt ha snein op de wrâldbekerwedstriid shorttrack yn Moskou goud helle by de achterfolging. Earder waard al de Europeeske titel pakt. Breeuwsma fan Aldeboarn en Knegt fan Bantegea hellen mei Niels Kerstholt en Freek van der Wart op in WB alris in tredde plak, mar nea earder waard goud helle.

Yn de finale kamen de shorttrackers mei noch tsien rûntsjes op kop. Dy posysje waard tsjinoer Frankryk, Kanada en Sina net mear ôfstien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)