Lemster driget plysjes mei mes

De plysje hat sneontenacht in Lemster (39) oanhâlden foar bedriging. Hy wie út in kroech set om't er ferfelend die. Letter gie er werom en besocht in meiwurker fan de kroech mei in mes te stekken. De meiwurker koe op 'e tiid de doar tichtsmite. Plysjes fregen de man it mes ôf te jaan. Dat die er net, hy bedrige de aginten. Der ûntstie in gefaarlike situaasje. De plysjes pakten har fjoerwapen.
Lang om let liet de Lemster it mes falle. Hy is nei it buro brocht.