Robin Hood yn premjêre gien

13 feb 2011 - 13:39

Yn De Harmonie yn Ljouwert is sneon it stik Robin Hood yn premjêre gien. De foarstelling is spesjaal skreaun foar de skouboarch dy't 15 jier lyn nij boud waard.

It publyk koe genietsje fan in bewurking fan it klassike ferhaal fan Robin Hood. De held, spile troch Viggo Waas, rekkene mei help fan rapper Ali B ôf mei sheriff Frank Lammers en syn help Peter Heerschop. Der wie ek in rol foar boargemaster Crone. Hy waard lykwols fuort mei in pylk besketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)