Ireen Wüst oan de lieding

12 feb 2011 - 23:05

Ireen Wüst giet nei de earste fan it WK reedriden yn Calgary oan de lieding. Marrit Leenstra stiet fjirde. De 3000 meter waard wûn troch Martina Sábliková yn 3.55,55. Ireen Wüst waard twadde mei in pr: 3.58,01. Marrit Leensta ried mei 4.02,74 ek in dik persoanlik rekôr. It wie goed foar it sânde plak.

Ireen Wüst begjint snein oan de 1500 meter mei in foarsprong fan 0,29 op Nesbitt en 1,65 op Sábliková. Marrit Leenstra moat 2,37 goedmeitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)