Aris ôfdroege troch Grins
De Friesland Aris koe it sneontejûn yn Grins lang net oprêde tsjin de GasTerra Flames. It waard 104-61 foar de regearend lânskampioen en koprinner yn de basketballeague. Healwei wie de wedstriid al spile: 60-35. Ek yn de lêste twa kwarten koe it Aris-team fan Pete Miller gjin fûst meitsje.
By Aris kamen twa spilers yn de dûbele sifers: Mark Sanchez mei 19 en Gerad Punch mei 12. Aris stiet noch fiifde yn de stân, mar de foarsprong op Weert is noch mar twa punten.
Trefwurden:
argyf