ONS lykspul, ferlies Dr. Boys

12 feb 2011 - 17:32

Fan de beide Fryske haadklasse fuotbalploegen hat ONS Snits sneon it mei 0-0 it bêste dien. Yn Ermelo namen de mannen fan trainer Jan Vlap it op tsjin DVS'33. De Snitsers hiene mei Cutrick Gonzales noch wol in grutte kâns.

De Drachtster Boys ferlearen tsjin Berkum mei 3-2. De Drachtsters kamen wol twa kear op foarsprong, mar de besikers pakten tsjin de ploech fan coach Jan van Raalte de trije punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)