Shorttrackploech nei de finale

12 feb 2011 - 16:45

De manljusshorttrackploech mei ûnder oare de Friezen Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt, stiet snein yn de finale efterfolging op de wrâldbekerwedstryd yn Moskou. Sneon helle it kwartet de finale troch de heale finale te winnen.

Op it EK op It Hearrenfean helle de Nederlânske ploech goud op dit ûnderdiel en op de lêste wrâldbekerwedstriid yn Shanghai noch brûns. De mannen treffe yn de finale Kanada, Frankryk en Sina.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)