G-Futsaltoernoai yn Sint Nyk

12 feb 2011 - 16:25

Yn Sint Nyk is sneon it futsaltoernoai foar bern mei in lichaamlike of ferstanlike beheining hâlden. Der wiene 150 dielnimmers út hiel Noard- Nederlân. It toernoai is alle jierren in grut sukses. It toernoai waard sneon wûn troch KHC Kampen 2.

De organisaasje, Sportklup De Jouwer, hâldt der nei dit toernoai mei op. Der binne te min frijwilligers en ek it finen fan sponsors is dreech. De dielnimmers fine it hiel spitich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)