Ruud Borst twadde yn Sweden

(argyffoto)
Op de lêste Grand Prixmaraton op natueriis yn Sweden is reedrider Ruud Borst fan Sint Nyk sneon twad wurden. Douwe de Vries fan It Hearrenfean einige as tred. De maraton waard wûn troch Kurt Wubben. Bêste Fries yn it einklassemint wie Douwe de Vries.
By de froulju wie Andrea Sikkema fan Aldeberkeap mei in tredde plak de bêste Friezinne. Maria Sterk út Hallum einige as sechde noch yn de top tsien. Daniëlle Bekkering wûn de wedstriid.