Friezen by reüny yn Nij-Seelân

12 feb 2011 - 14:53

Goed 400 Fryske Nij-Seelanners kamen sneon op in grutte Friezereüny ôf. Ek sa'n 60 Friezen reizgen ôf nei de oare kant fan 'e wrâld om de bysûndere dei mei te meitsjen.

De reüny is organisearre troch Fryslân Ferbynt. Dy netwurkorganisaasje bringt Friezen oer de hiele wrâld meielkoar yn kontakt om kennis, kultuer en wurk te dielen. Yn Nij-Seelân wenje sa'n 11.000 minsken mei Fryske woartels. Dêr wurdt alle jierren in Friezedei hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)