Tsjerkebeurs yn Drachten

12 feb 2011 - 14:09

Yn Drachten wurdt yn maart de earste tsjerkebeurs Noard-Nederlân hâlden. De beurs is bedoeld foar bestjoeren fan tsjerkegemeenten en parochys. Ek minsken dy't aktyf binne yn tsjerke of mei tsjerklike ynteresse kinne komme.

Op de beurs steane bedriuwen dy't bygelyks tsjerke-ynterieur leverje, of restauraasjewurk dogge, mar ek dy't ynstruminten of tsjerklike klean oanbiede. De beurs duorret twa dagen. De twadde dei is der in koarefestival. De beurs begjint 11 maart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)