Donner lûkt briefkes by Omrop

12 feb 2011 - 14:02

Minister Donner fan ynlânske saken hat sneon by Omrop Fryslân trije doarpen lutsen. Ut in grutte pot helle er trije briefkes mei nammen dy't meidogge oan Doch it foar dyn doarp. It binne Garyp, Droegeham en Bantegea wurden.

Earder wiene Aldeholtpea, Kollum en Aldeboarn al lotte. It program begjint yn april. De doarpen meie fiif kear in healoere televyzje meitsje yn de wike. Dat sil oerdeis by de Omrop te sjen wêze om 16.30 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)