Plysje pakt relskoppers op

12 feb 2011 - 13:42

De plysje hat tongersdei nochris twa fuotbalsupporters út Sint Nyk en Drachten oanhâlden op fertinking fan iepentlike geweldpleging. De fertochten wiene belutsen by de ûngeregeldheden fan ôfrûne wykein nei oanlieding fan de wedstryd SC Hearrenfean-NEC.

Op de dei sels waarden ek al twa supporters oanhâlden. Tsjin de supporters út Sint Nyk en Drachten is proses-ferbaal opmakke. Mooglik dat der noch mear oanhâldings folgje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)