Drachtster dief oanhâlden

12 feb 2011 - 13:34

Yn Drachten is freedtenacht in man (23) oanhâlden op fertinking fan stellerij fan steigermateriaal. Meiwurkers fan in befeiligingbedriuw seagen de Drachtster by in bedriuw op de Ampereleane rinnen. Yn de laadbak fan in auto lei steigermateriaal. De fertochte koe him legitimearje en is doe fuort rûn.

Ut ûndersyk die bliken dat de auto mei laadbak fan de man wie. De Drachtster is letter oppakt en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)