Frou falt oare frou lestich

12 feb 2011 - 13:32

Op de Gerbrandywei yn Ljouwert is freedtenacht in frou (41) lestich fallen troch in frou út Frjentsjer. De Ljouwerter frou wie mei de hûn oan it rinnen en de oare frou makke earst in opmerking oer de hûn en begûn doe te skellen. Ek besocht se de riem fan de hûn te pakken en luts se oan it hier fan de Ljouwerter frou. Dy koe thúskomme en die letter oanjefte.

Oan de hân fan it sinjalemint koene se de frou út Frjentsjer oanhâlde. Se is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)