Man pakt foar mishanneling

12 feb 2011 - 13:27

In Ljouwerter (23) is freed yn syn wenplak oanhâlden. Hy hie in stedsgenoat mishannele. De fertochte hie in bekeuring krigen foar ferkeard parkearjen en gie dêroer yn diskusje mei de parkearwachter. Uteinlik woe de parkearwachter de Ljouwerter oanhâlde yn ferbân mei syn gedrach.

De man naaide út, mar koe oanhâlden wurde troch in passant. Dy waard derby wol yn de finger biten en yn it gesicht slein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)