Auto op A7 by Surch ôfbaarnd
Op de A7 by Surch is freedtejûn in auto yn de brân flein. In frou fan 34 jier út Amsterdam fernaam troch in brânlucht yn de auto dat der wat mis wie. Dêrom sette se har auto oan de kant op de flechtstrook. Koart dêrnei fleach de hiele auto yn de brân.
De brânwacht kaam yn aksje om de brân te blussen, mar de auto is hielendal ferlern gongen.