Himpkwekerij yn Donkerbroek

12 feb 2011 - 13:01

Oan de Tjabbekamp yn Donkerbroek hat de plysje in hennepkwekerij oprôle. Der wiene hast 10.000 planten yn in loads en it hûs der njonken. Der waard yllegaal stroom brûkt, bûten de meter om. Dêrom hat it enerzjybedriuw de stroom ôfsletten.

In man út Naarden wie yn de loads doe't de plysje binnenfoel. Hy moast yn ferbân mei it ûndersyk mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)