Pleit foar grutte natuerparken

Nederlân moat trije grutte natuergebieten krije dêr't it ryk it behear oer krijt. Dat plan komt fan de baas fan it WNF. Hy pleitet foar in deltapark, boskpark en in dúnlânskip wêrûnder ek it Waad falle kin.
It hjoeddeistich natuerbehear is te fersnippere, fynt de WNF-direkteur. No't it kabinet flink besunigje wol op natuerbehear moat in kar makke wurde. Provinsjes en natuerorganisaasjes soene ferantwurdlik wurde kinne foar de lytse natuergebieten.