Gjin stipe foar earmerkwegerje

Fryske boeren dy't earmerken wegerje krije gjin Europeeske stipe. Dat is al langer sa en dat bliuwt ek sa. PvdA keamerlid Lutz Jacobi hie steatssekretaris Bleker om in oplossing frege. Dat wol Bleker net. It skeelt boeren tûzenen euro's, it giet om 20 prosint.
Jacobi sjocht noch oare mooglikheden om de boeren yn 'e mjitte te kommen en jout har net del by de wegering fan steatsekretaris Bleker.