'Gjin jild út ierdgasfûns'

© Omrop Fryslân
It Noarden krijt fan it kabinet gjin jild út it ierdgasfûns. Neffens steatssiktaris Bleker fan Ekonomyske Saken is dat jild net beskikber.
Fan 'e wike hienen Fryslân, Grinslân en Drinte frege om in jierlikse bydrage fan 100 miljoen út it ierdgasfûns. Dêrmei moat de regionale ekonomy fersterke wurde, no't it ryk dat jild net mear rjochtstreeks jout. It Noarden is no oanwiisd op Europeeske subsydzjes, mar dy komme inkeld as it ryk ek jild jout.