Ter Keurs mei de pont nei Wyns

11 feb 2011 - 16:08

Eric ter Keurs is offisjeel de nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Hy krige freed om trije oere it amtskeatling om de skouders. Ter Keurs wie boargemaster fan Ljouwerteradiel en omdat de grins tusken de gemeenten midden yn de Dokkumer Ie leit, waard de nije boargemaster mei it pontsje nei Wyns yn Tytsjerksteradiel helle.

De boargemaster sil him dwaande hâlde mei ûnder oare de gemeentlike gearwurking tusken Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Kollumerlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)