Jans moat Beerens misse

11 feb 2011 - 14:02

Roy Beerens docht snein net mei yn de útwedstryd fan Hearrenfean tsjin NAC. De oanfaller gong freed op de training troch syn ankel en seit sels dat hy net spilet. Luciano Narsingh is syn logyske ferfanger. Michel Breuer hat lêst fan it kût mar spilet nei alle gedachten wol.

Trainer Ron Jans wol neat sizze oer de opstelling. Mar sjoen de training stean Djuric en Kopic krekt as ferline wykein yn it sintrum. Kruiswijk sit dan op 'e bank. Svec ferfangt Väyrynen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)