Offaloven Harns op 2 maart los

11 feb 2011 - 13:54

De ôffaloven yn Harns begjint op 2 maart ôffal te ferbaarnen. De smoargens sil oanfierd wurde mei frachtweinen. Alle dagen ride 24 frachtauto's fan stoart De Wierde by Aldehaske ôf nei de REC yn Harns. It giet om 400 ton deis. Omrin hie tasein om binnen in jier de helte fan 'e deistige fracht per skip te ferfieren.

Dat sil net slagje, lit Omrin witte. Der moatte noch oanlisplakken komme yn Aldehaske en yn Harns. Boppedat is it farwetter noch net oeral op djipte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)