'Gjin stipe foar besunigings'

15% prosint fan 'e befolking fan Noard Nederlân stipet de besunigings op natoer en lânskip troch dit kabinet. Dat is ien fan de útkomsten fan in opiny-ûndersyk yn opdracht fan 'e provinsjale lânskippen dêr't it Fryske Gea ien fan is. Fan 2014 ôf wurdt der 300 miljoen euro besunige; sa'n 60 prosint fan it hjoeddeistige budzjet.
Yn it ûndersyk is ek nei de politike foarkar frege. Dêrút docht bliken dat ek in mearderheid fan de CDA'ers op de besunigings tsjin is.