Fryske ferzje CtrlWORK klear

De Fryske Akademy hat in Fryske ferzje fan Ctrl/WORK makke. It kompjûterprogramma bestiet al langer yn it Nederlânsk en wurdt brûkt om PC brûkers te trainen yn it brûken fan toetskombinaasjes, yn it goed en ferstannich brûken fan har tiid, yn it ynrjochtsjen en op peil hâlden fan in sûn wurkplak en yn it oannimmen fan in sûne wurkhâlding.
It programma slút goed oan by de ARBO-regels en wurdt troch bedriuwen op de kompjûters set.