Dealer(16) pakt yn Easterwâlde

11 feb 2011 - 11:05

De plysje fertinkt in 16-jierrige jonge út Drachten fan hannel yn harddrugs. De jonge waard nei in tip oppakt by in skoalle oan de Weemeweg yn Easterwâlde. Dêrby hie er 33 boltsjes by him wêrfan de plysje tinkt dat it harddrugs is.

Yn it hûs fan de jonge waard amfetamine fûn. De drugs binne yn beslach naam, de jonge sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)