Traumahely mei nachts fleane

11 feb 2011 - 10:52

De traumahelikopter fan it Universitêr Medysk Sintrum Grins, UMCG, mei ek nachts fleane. Dat hat steatssiktaris Joop Atsma besletten. Earder wie it fleanen nachts ferbean, omdat it dan te gefaarlik wêze soe om it dak fan it sikehûs as lâningsplak te brûken.

Atsma hat dêr no ûndersyk nei dwaan litten en dêrút docht bliken dat it mei it gefaar wol tafalt. De Grinzer traumahelikopter fljocht ek geregeld yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)