Sloopmateriaal by spoar

11 feb 2011 - 06:12

Spoarweibehearder Prorail ûndersiket oft de sloop fan it eardere gebou fan de SuikerUnie yn Grins gefaarlike sitewaasjes opsmyt foar de trein tusken Ljouwert en Grins. Tongersdei waard bekend dat earder dizze wike, flak neidat de trein foarby kaam wie, sloopmateriaal flakby it spoar fallen is. It giet ûnder oare om golfplaten.

Prorail set freed feiligensminsken yn om foar te kommen dat der sloopmateriaal op it spoar komt. Ek is de plysje ynljochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)