Kompensaasje natuer min regele

10 feb 2011 - 23:15

It kompensearen fan de natuer foar bygelyks de oanlis fan in dyk is no sa min regele dat der in nije nasjonale organisaasje komme moat dy't dat wol docht. Dat fynt de Fryske Miljeu Federaasje.

Oer hoe't je de natuer dy't je kwyt reitsje op in oar plak wer werom krije, stiet eins net safolle op papier. Kontroleare of dat ek echt gebeurd is, blykt no in probeem te wêzen. Der moat in organisaasje komme lykas de Autoriteit Finansjele Markten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)