Radio-aktyf ôffal yn koepels

De Fryske sâltkoepels driigje wer yn byld te kommen foar de opslach fan radio-aktyf ôffal. De Europeeske Kommisje wol dat lannen ferplichte wurde om kearnôffal yn de eigen boaiem op te slaan. Se ha dêrfoar al in saneamde konseptrjochtline opsteld.
Mei de oare provinsjes hat Fryslân in brânbrief stjoert nei minister Verhagen fan ekonomyske saken. Dy moat der foar soargje dat opslach boppe de grûn mooglik bliuwt.