Friezen yn European brassband

Gouke Wielinga
De Fryske konservatoariumstudinten Gerk Huisma fan Surhústerfean en Gouke Wielinga fan Grins binne selektearre foar de European Youth Brassband. Dizze brassband wurdt foarme út de bêste jonge muzikanten út fyftjin Europeeske lannen en is ûnderdiel fan de Europeeske Kampioenskippen yn it Switserske Montreux yn april.
Huisma spilet kornet by De Wâldsang yn Bûtenpost en Wielinga esbas by De Bazuin yn Oentsjerk.