Twa ton foar Fries Museum
It Fries Museum yn Ljouwert krijt 200.000 euro fan de BankGiro Loterij. De Loterij hat tongersdei 60 miljoen euro ferdield oer ferskillende musea, molens en kastielen.
De Loterij fiert dit jier it 50-jierrich bestean. De 750.000 dielnimmers hawwe hast 120 miljoen euro ynlein. De helte fan de ynlis giet nei it kulturele erfguod.