Grien leit der goed by

10 feb 2011 - 19:00

Mear as 80 prosint fan alle iepenbiere romte yn Kollumerlân leit der goed of hiel goed by. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan de gemeente. De gemeenteried hie opdracht jûn foar it ûndersyk. De ried woe witte hoe't it grien en de paden der hinne lizze foar't der praat wurdt oer besunigings. Der kin no keazen wurde wêr't de gemeente mei minder ûnderhâld ta kin.

Foar it ûndersyk binne 127 plakken yn de gemeente besjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)