Oerlêst muzikanten by winkels

Strjitmuzikanten binne net langer wolkom by it winkelsintrum De Drait yn Drachten. Neffens de gemeente ha omwenners en learlingen fan de skoalle yn de buert lêst fan de muzyk. Der binne in soad klachten oer kaam. Dêrom wol de gemeente dat de muzikanten nei it sintrum ta geane. Dêr is mear romte al meie se dêr net langer as in oere achtermekoar spylje.
As de muzikanten har der net oanhâlde, kinne se in boete krije fan 140 euro.