Hynders fertutearze

10 feb 2011 - 15:22

De Voedsel en Waren Autoriteit nimt maatregels tsjin de eigner fan in groep Yslânske hynders by Broeksterwâld. De autoriteit docht dat nei meldings fan omwenners dat de bisten fertutearze binne en yn in te wiete greide stean.

De eigner moat acht fan de hynders gau byfuorje, om't se te meager binne. In hynder dat in ferwûning hie, is troch de VWA fuorthelle en wurdt no behannele troch in fee-arts. De eigner hat de bisten nei droeger lân brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)