Gearwurkje op mêd fan sport

De topsport yn Noard-Nederlân moat stipe wurde. De trije noardlike provinsjes soene meielkoar topsporteveneminten binnen helje moatte. Dat moat dien wurde troch mekoar te fersterkjen en net mekoars konkurrint te wêzen.
De trije provinsjes prate hjir noch oer. Fryslân soe him profilearje mei it reedriden, Grinslân mei sealsporten lykas basketbal, kuorbal en Drinte mei it hurdfytsen.