Man mei tefolle drank op pakt

10 feb 2011 - 10:10

In Ljouwerter (33) is woansdei yn syn wenplak oanhâlden om't er mei tefolle drank op achter it stjoer siet. Ek hie hy net in rydbewiis.

Om in oere as trije nachts seagen plysjes de man mei syn snorfyts oer de Aldlânsdyk riden. Se hiene in fermoeden dat er drank op hie en hâlden him oan foar in blaastest. Hy hie safolle alkohol hân dat hy in rydferbod fan 8 oeren oplein krige. Tsjin de man is ek proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)