Earste bewenners nij projekt

09 feb 2011 - 21:42

Opfangorganisaasje Zienn en wenningboukorporaasje Accolade binne op It Hearrenfean úteinset mei in nij gearwurkingsprojekt: Begelaat Selsstannich Wenje. De earste bewenners ha woansdei de kaaien fan harren nije appartemint krigen.

Accolade sil yn totaal tolve wenningen meitsje. Zienn is al in skoft dwaande om wenromte foar harren kliïnten te finen op It Hearrenfean. Mei de gearwurking mei Accolade komt it der no dochs fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)